U bent hier: Home / Wjukken
Daniël Daréus, in ferneamd dirigint fan middelbere jierren, kriget it yn syn drokke karriêre oan it hert. Om’t er it eins tuike oan dwaan moat, beslút er werom te gean nei syn bertedoarp yn it noarden fan Sweden. Hy set him yn it âlde skoalgebou nei wenjen.
Om’t Daniël ûnder in artystenamme weromkomt, ken gjinien him werom as dat sa bot narre jonkje fan eartiids. Yn it doarp wurdt hy wol gauris konfrontearre mei bylden en oantinkens út syn bernetiid. Iverich besiket er syn eigen plakje te finen yn de lytse mienskip.
Daniël wurdt troch Anne, in lokale middenstanner, frege oft er komme wol om nei it doarpskoar te harkjen. Dêrnei lit er him oerhelje om harren dirigint te wurden.
Wylst Daniel besiket troch stimekspresje elkenien in plak yn it koar fine te litten, makket syn wurkwize in soad los ûnder de doarpslju: oergeunst, leafde en in sykjen nei wêr’t eltsenien no eins wier foar stiet.
Daniël weeft ôf mei de spoeken út syn ferline en it koar stiicht ûnder syn besieljende lieding boppe himsels út. Se wurde talitten ta in grutte ynternasjonale sjongwedstriid: “Let the People Sing” yn Eastenryk. Op ‘e dei fan de opfiering wurdt Daniël lykwols ynienen mist: hy krijt it op ‘e nij oan it hert en komt te fallen. It koar moat no ymprovisearje. Wylst Daniël helpleas op ‘e grûn leit, heart er it koar sjongen… sa suver… sa’t der yn ‘e himel songen wurde moat …
Daniël Daréus (dirigent) | Durk Boonstra |
Ympresario | Jildou Smeier-Schaafsma |
Tsead (dûmny) | Titus Hettinga |
Inge (dûmnysfrou) | Rini Pijper |
Ferry (garaazjeman) | Wiebe Kees Koldijk |
Gabriëlla (frou fan Ferry) | Eline Zandhuis |
2 bern, fan Ferry en Gabriella | Mike en Tessa Hempenius |
Jonge, lytse Ferry | Mike Hempenius |
Jonge, lytse Daniel | Tom van Wieren |
Lena (winkelfrou) | Meheret Wedman |
Sippy (ex-koarIieding) | Anneke Veldkamp |
Aukelien (koarlid/doarpsbewenner) | Richtsje Appelman |
Frederika (koarlid/doarpsbewenner) | Joke Heida |
Annemarijke (koarlid, mem fan Ferry) | Alina de Boer |
Anne (winkelman, ynstallateur, sakeman) | Sander de Kroon |
Homme (koarlid/doarpsbewenner) | Catrinus Bouma |
Wouter | Ale Postmus |
Sawat Suver en Middelseesjongers/shantykoor
Rezjy | Haije de Boer |
Dekorbouw lieding | Harm Wagenaar |
Ljocht en lûd | Elbert en Letizia de Wal |
Grime | Heidi Slot en Anja de Groot |
Klaaing | Ali Slot |
De útfieringen binne op:
Indien door omstandigheden de voorstelling geannuleerd wordt, vind er geen restitutie plaats. U krijgt dan een vrijkaart voor een volgende voorstelling.